Operaasje Fryske Flagge: Arne Jent Lesterhuis gie foar de Waadfûgels nei Paraguay

29 jun 2021 - 17:16

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Arne Jent Lesterhuis, dy't yn Paraguay wennet.

Foto: Omrop Fryslân | Arne Jent Lesterhuis

Anne Jent Lesterhuis gie foar de fûgels nei it Súd-Amerikaanske Paraguay. Hy wie al jong sljocht fan fûgels en ek dreamde hy derfan om nei Súd-Amearika ta te gean. Op syn 19e waarden beide dreamen werklikheid. "Doe't ik 19 wie, koe ik mei in soarte fan útwikselingsprojekt nei Paraguay reizgje", seit Lesterhuis. Troch syn stúdzje Wildlife Management koe hy hjir in Waadfûgelprojekt liede foar in fûgelbeskermingsorganisaasje.

De ljip en de skries

Sadwaande is hy mei syn deistige wurk noch in soad mei Fryslân dwaande. "It klinkt miskien wat raar", seit Lesterhuis. "Yn Paraguay hawwe wy gjin marren. Dochs komme de Waadfûgels hjir telâne."

Dizze 'Waadfûgels' komme fan it noarden en fleane troch de binnenlannen nei de kust yn it suden fan Paraguay. "Wy ha hjir in soarte fan skries, en in soarte fan ljip. It binne oare soarten, mar it is wol deselde famylje."

Griene stêd

Lesterhuis wennet yn Fernando de la Mora: in stêd mei in protte beammen. It skaad makket de Paraguayske simmer hiel wat minder hjit. "Yn oare stêden hawwe se faak net in soad beammen, mar hjir is it echt hiel grien."

Oft er oait weromkomme sil? Dêr is Lesterhuis net wis fan. "We hawwe it goed hjir, myn wurk is hartstikke moai. De bern hawwe skoalle hjir. Miskien dat se letter nei Nederlân wolle om te studearjen."

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)