Langduorjende klachten nei corona: "Lichaam schiet in overlevingsmodus"

Moannen nei in besmetting mei it coronafirus hawwe guon Friezen noch hieltyd lêst fan de saneamde 'restklachten' fan it firus. It grutste part fan de minsken dy't corona krijt wurdt gewoan wer better. Mar in hieltyd grutter wurdende groep minsken hâldt der oanhâldende klachten oan oer, lykas benaudheid. Long-covid, sa wurdt it ek wol neamd. By guon pasjinten kin fysioterapy helpe.
Refalidearje nei corona mei fysioterapy:
Ien fan de minsken dy't suksesfol refalidearre mei fysioterapy is Ommid Jahrome. Hy wie goed siik fan it firus mar krige pas letter lêst fan de langduorjende klachten. "Na twee of drie weken ziek zijn wilde ik weer wat doen, ik ging wandelen. Toen begon de opvlamming van het virus, een ontstekingsreactie in mijn longen", fertelt Jahrome.
Hy is yn it deistich libben faatsjirurch yn it MCL yn Ljouwert. "Met preparaten en medicijnen is het na een tijdje beter geworden. Op de longfoto's was niet veel te zien."
Nei in refalidaasje-trajekt kaam er úteinlik telâne by fysioterapeut Bryon Steeman. "Wij hebben tot nu toe ongeveer 20 mensen behandeld die revalideren van longcovid."

Overlevingsmodus

In soad fan de pasjinten komme yn in soarte fan 'overlevingsmodus'. "Daar bedoel ik mee dat de patiënten niet helder voor ogen hebben hoe ze moeten revalideren. Je kunt je voorstellen dat het lastiger is om de juiste keuzes te maken voor je herstel wanneer je extreem vermoeid bent."
Fysioterapy foar oanhâldende coronaklachten © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Mei help fan sykhelterapy kaam Jahrome der wer boppe-op. "Het klinkt gek maar het is alsof je vergeten bent hoe je efficiënt moet ademen als je ziek bent geweest."
Hoe't it kin dat hy wol lêst hat fan de klachten dêr't hy mar net fan werstelt, en in oar net, is in grutte fraach foar de medyske wrâld. "Voorlopig onderzoek van de Radboud toont aan dat het diafragma, dat is een spier die ons helpt met ademhalen, na een infectie niet meer adequaat reageert", seit Jahrome.

Sûner libje

Syn praktyk yn Ljouwert seit dat om de gefolgen fan in besmetting mei it coronafirus te beheinen it belangryk is om sûner te libjen. "Je ziet eigenlijk dat als gevolg van overgewicht je immuunsysteem altijd aan staat", fertelt terapeut Thomas Brouwer.
Fysioterapy: GLI wichtich foar coronawerstel © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
"Het is daardoor voor je lichaam moeilijker om een virus of een bacterie te bestrijden." Se sette dêrom by de praktyk yn Ljouwert yn op de saneamde GLI. Dat is in programma wat sûnt 2019 yn de basisferskering sit mar noch net hiel bekend is.
"Die GLI (Gecombineerde Leefstijl Interventie) moet streven naar gewichtsverlies en meer energie geven. Mensen zijn daardoor fitter, vitaler, leven langer met een sterker immuunsysteem", leit Brouwer út.