Ljouwerter groep 8-learlingen foar de kamera yn stee fan op de planken

29 jun 2021 - 16:08

Troch it coronafirus meitsje hieltyd mear basisskoallen in film yn plak fan in musical of toanielstik, om sa de basisskoalleperioade foar de bern fan groep acht ôf te sluten. Yn Ljouwert giet it om 40 basisskoallen dêr't de bern no de stjerren fan de himel spylje foar de kamera. Yn filmhûs Slieker geane 15 einfilms yn premjêre.

In soad basisskoallen meitsje in film:

"Geef acht!" By basisskoalle De Eestroom yn Ljouwert marsjearje de bern foar de kamera. Harren einfilm giet oer in oarloch: yn it ferhaal wurde de bern fan groep acht oproppen om mei te fjochtsjen. Groep acht filmet bûten. It lûd fan de tromme galmet oer it terrein.

"Een voorstelling vind ik best wel ongemakkelijk. Bij een film voel ik me fijner", seit ien fan de bern, dy't it freontsje fan de haadpersoan spilet. Nee, in haadrol hoecht er net. "Als ik er maar in zit."

Premjêre yn in echte teäterseal

"We gaan nog één scene doen", seit master Anton. Hy is no net allinnich master, mar ek opnamelieder, regisseur en dj en no, foar dizze sêne, bespiler fan de tromme. "Het is druk, de laatste weken van het schooljaar."

Neffens master Anton wie it noch dreech om de film te meitsjen. Se wisten pas op it lêste momint wat se dwaan koenen. "We hebben er nu voor gekozen om het in première te laten gaan in een echte theaterzaal. Er mogen een aantal ouders bij en de leerlingen. Er moet wel afstand worden gehouden. Maar we zijn heel blij dat we volgende week woensdag de première van de film hebben."

Jong akteartalint

De film mei dan makke wurde mei basisskoallebern: op de set giet it der serieus oan ta. "We verwachten wel echt wat van de kinderen", seit master Anton. "We willen wel wat leuks laten zien aan de ouders. En het is voor de kinderen ook leuk om later terug te kijken, natuurlijk."

En sit der ek talint tusken? "Er zijn een paar kinderen die echt wel opbloeien", seit master Anton.

Foto: Omrop Fryslân

By it filmjen krije de basisskoallen help fan kultuerorganisaasje Kunstkade. Harren saneamde 'kultuercoaches' helpe de skoallen troch mei de learkrêften en de bern it ferhaal te skriuwen en te oefenjen. Guon skoallen meitsje ek gebrûk fan filmmakkers, dy't it net allinne filmje, mar ek de montaazje dogge.

Filmhûs Slieker

Ana Paunovik fan Kunstkade: "Er zijn veel scholen die de première echt in de bioscoop willen zien, daar hebben we gelukkig filmhuis Slieker voor. We hebben een week vol premières in de laatste schoolweek."

Mar filmhûs Slieker hat gjin plak foar alle Ljouwerter skoallen. En dus gean de measte einfilms gewoan op skoalle yn premjêre. "Veel scholen doen dat gewoon intern, bijvoorbeeld op het schoolplein."

(Advertinsje)
(Advertinsje)