Tal coronabesmettingen wer wat omheech: alve gefallen fêststeld

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren alve nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der seis mear as moandei. Doe gie it om fiif besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om njoggen besmettingen deis. Moandei lei dat trochsneed ek op njoggen, in wike lyn op fyftjin besmettingen.
De measte besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Eaststellingwerf mei trije besmettingen. Dêrnei folgje Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Súdwest-Fryslân mei twa besmettingen en Weststellingwerf en De Fryske Marren mei ien besmetting.
De ôfrûne dei binne der tolve fan de achttjin Fryske gemeenten frijbleaun fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.
Der lizze op it stuit noch twa coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen. Dy lizze beide op de intensive care. Yn totaal lizze der noch seis coronapasjinten yn de noardlike sikehuzen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 552 nije coronagefallen registrearre. Yn de ôfrûne wike wiene der yn trochsneed 601 besmettingen de dei.
Der waard yn Nederlân yn de ôfrûne 24 oeren gjin coronapasjint opnaam op in intensive care. Dat is foar it earst sûnt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding healwei oktober begûn mei it dielen fan dy gegevens.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.