Oranje-ynternasjonal Sisca Folkertsma nei Girondins de Bordeaux

Sisca Folkertsma spilet takom seizoen by it Frânske Girondins de Bordeaux. De fuotbalster fan Sleat komt oer fan lânskampioen FC Twente, dêr't se de ôfrûne trije seizoenen spile. Folkertsma tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2023.
© Orange Pictures
Bordeaux waard yn de ôfrûne twa seizoenen tredde yn de heechste Frânske frouljuskompetysje. By Bordeaux spilet ek Oranje-ynternasjonal Katja Snoeijs.

Aventoer

"Ik bin klear foar de folgjende stap yn myn karriêre. Nei njoggen jier op it heechste nivo yn Nederlân en fiif prizen, sjoch ik út nei myn earste bûtenlânske aventoer", lit Folkertsma witte op de webside fan har management.
"Bordeaux giet takom jier de Champions League yn en ik haw boppedat goede ferhalen heard fan Katja (Snoeijs, red.). Ik sjoch der nei út om nei de Olympyske Spelen oan te sluten", sa seit Folkertsma.

Olympyske Spelen

Folkertsma is op dit stuit yn tarieding op de Olympyske Spelen yn Tokio. Op 21 july spilet se mei Oranje it earste groepsduel tsjin Sambia.