FIDEO: 4 eks-coronapasjinten moetsje mekoar: "De omjouwing sjocht it net sa asto it sjochst"

29 jun 2021 - 12:30

"It is hiel konfrontearjend dat no it libben wer iepengiet foar elkenien", seit Kyra Cuperus fan 22 jier. In heal jier lyn krige se corona en har libben is noch hieltyd net wer sa as it eartiids wie. Se kin net wurkje of sporte en hat gjinien yn har omjouwing dy't itselde meimakke hat. Dêrom hat Omrop Fryslân in moeting regele mei noch trije oare eks-coronapasjinten yn De Pleats yn Burgum.

Moeting eks-coronapasjinten

Omrop Fryslân bringt op 29 juny de ferhalen fan de corona-neisleep, mei jûns tusken 20.20 en 21.00 in spesjaal telefyzjeprogramma. Dêr skowe saakkundigen oan en litte wy ûnder oare in reportaazje sjen wêryn't fjouwer eks-coronapasjinten inoar moetsje en harren ferhalen mei-inoar diele.

Trefwurden: 
coronafirus coronaneisleep
(Advertinsje)
(Advertinsje)