Hans Wiegel slacht earste peal foar proef-wolvestek by Boyl

Neist it doarp Boyl hat âld-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel de earste peal slein fan in proef-wolvestek. Mei it inisjatyf wol Stichting Wolvenhek Fryslân skiep en kij beskermje troch de wolf te kearen. "Wy wolle sjen litte dat it realistysk is. Dêrnei is it in politike ôfwaging", seit foarsitter Jehan Bouma. Dochs binne der ek in soad partijen dy't neat yn it plan sjogge.
In earste stik wolvestek waard by de Frysk-Drintske grins pleatst:
By Boyl is tiisdei in earste 25 meter proefstek delset op it lân fan in boer, njonken de grins mei Drinte. Foarsitter Bouma jout oan dat Boyl mei opsetsin keazen is: "Yn Boyl waard op 4 april 2018 de earste Fryske skiep pakt troch in wolf. Dêrom hawwe wy dit plak keazen. It is it begjin fan de ein fan de opmars fan de wolf."
De stichting is benaud foar de gefolgen fan de komst fan de wolf foar it fee. "Jo kinne de liuw en it laam net njonken inoar litte en ferwachtsje dat se freontsjes wurde", sei Bouma earder.

Pilot fan pear kilometer

Fia it Drents-Friese Wold kaam al ferskate kearen in wolf Fryslân binnen. Sa'n fiif boeren tusken de Verwersweg en de Doldersumsestraatweg by Boyl helpe oan it stek mei. Bouma hopet dat oan de ein fan de simmer in proefstek fan in oantal kilometers stiet. De stichting wol úteinlik in stek om it greidegebiet fan Fryslân hinne.
Hans Wiegel en foarsitter Jehan Bouma fan Stichting Wolvenhek Fryslân © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Foarsitter Jehan Bouma fan Stichting Wolvenhek Fryslân
Gemeente Weststellingwerf wie net op 'e hichte fan it proefstek. De stichting hat yntusken wol kontakt lein mei gemeente Weststellingwerf, woansdei is der in petear op amtlik nivo.

Doel: diskusje fierder krije

"Yn de hjerst hawwe wy in gearkomste mei alle stakeholders en politike partijen", seit Bouma. "Dan wolle wy sjen litte hoe't wy it foarinoar krije wolle. Yn de pilot sitte ek in pear oergongen, sa't wy sjen litte kinne hoe't wy dat oplosse kinne."
Bouma realisearret him dat in echt wolvestek in soad freget. "Je hawwe mei partikulieren en oerheden te krijen. Mar de measte grûneigeners hawwe fee en hawwe dêrmei ek belang."

Kar meitsje

Foar Bouma is it in statement. "Wy twinge se om in kar te meitsjen. Wy sizze hjirmei dúdlik: as jimme gjin kar meitsje, is dat ek in kar. Dan weidzje der oer tsien jier gjin skiep, kij en hynders mear yn Fryslân. It is om de diskusje in stap fierder te krijen en eltsenien de eagen te iepenjen."

Wat is Stichting Wolvenhek Fryslân?

Stichting Wolvenhek Fryslân is oprjochte troch in oantal feehâlders. Sy presintearren harren plan foar in stek op 7 jannewaris 2021 yn Den Haag. De stichting hie doe in plan foar in stek fan 150 kilometer. Yn totaal soe it sa'n oardel oant twa miljoen euro kostje moatte. Yn maart hat de stichting út namme fan alve agraryske organisaasjes in petysje oanbean oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Mei in crowdfundingsaksje foar in stek waarden tsientûzenen euro's ophelle.

Tsjinstanners

Wolvesaakkundigen hawwe earder oanjûn dat in stek gjin doel hat. "Een wolf houd je niet tegen", sei Glenn Lelieveld fan de Zoogdierenvereniging. It plan is neffens him ekologysk, juridysk, finansjeel en praktysk net helber. Stichting Wolf-Fencing Nederland seach ek neat yn it plan.
Ut de polityk wei kaam ûnbegryp. De FNP rôp op ta 'realiteitssin' en frege de provinsje net mei te wurkjen. Deputearre Klaas Fokkinga neamde it in 'ûnmooglik plan.'

Wjerlizze

Foarsitter Bouma fan Stichting Wolvenhek Fryslân is it net iens mei de krityk. "Earst seinen guon partijen dat it net meie soe, dat hawwe wy wjerlein mei juridysk ûndersyk. Dêrnei seine sy: it helpt net. En dat besykje wy mei dizze pilot te parearjen." In pilot om it gelyk te heljen. "Mar úteinlik draait it om ien fraach: wolle wy dit, of wolle wy dit net?"
It slaan fan de earste peal fan it wolvestek by Boyl © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De Faunabescherming rôp Wiegel moandei op om ôf te sjen fan de hanneling. Neffens de stichting is sa'n stek ûnwettich en falt der net mei te wurkjen. Foarsitter Niko Koffeman seit dat it in 'louter symbolische maatregel' is. Losrinnende hûnen foarmje boppedat in folle grutter gefaar foar bygelyks skiep.
"Het zou Hans Wiegel sieren wanneer hij zijn voorbeeldfunctie op een positieve manier inzet voor meer begrip voor de natuur, in plaats van minder", sei Koffeman. "Sprookjes over de boze wolf horen daar niet bij."
Ald-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel sels joech koartlyn yn It Polytburo oan dat er wolven 'helemaal geen fantastische dieren' fynt. "Ik vind dat die mensen gelijk hebben met dit plan. Als je daar woont en een stel schapen en lammeren hebt die door die gezellige wolven worden gepakt, dan word je niet vrolijk", sei hy doe.