Brune float kin lang om let coronasubsydzje oanfreegje

29 jun 2021 - 11:54

Skippers út de brune float kinne no lang om let coronasubsydzje oanfreegje. Mei dizze stipe kinne sy ûnder mear harren ûnderhâldskosten betelje. It bedrach, dat maksimaal 124.999 euro wêze sil, is foar de moannen april oant en mei desimber 2020.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Oer it stipejild foar de brune float hat lang ûndúdlikens west. De stipe wie al yn augustus 2020 tasein, mar pas yn maaie waard dúdlik wa't yn oanmerking komt foar de stipe en hoe't it jild ferdield wurde moast.

Doe waard ek bekend dat it skip dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt âlder wêze moat as fyftich jier en dat de skipper minimaal 30 prosint omsetferlies hawwe moat. Ek moatte de fêste lêsten mear as 1000 euro wêze.

It lange wachtsjen wie tige dreech foar de skippers fan de brune float. Sy koene ek net earder as 5 juny wer farre fanwege de coronamaatregels.

'Belangrijke bijdrage'

De float "levert een belangrijke bijdrage aan het levend en toegankelijk houden van de Nederlandse geschiedenis als zeevarende natie", fynt it kabinet. Oant 24 augustus kinne organisatoaren fan histoaryske syltochten de subsydzje oanfreegje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)