Ljouwerter slein en berôve

20 nov 2011 - 15:37

Twa ûnbekende manlju hawwe sneontejûn in 47-jierrige ynwenner fan Ljouwert berôve yn de Willem Lorestrjitte. De manlju fregen de wei oan de Ljouwerter, dy't op in scooter del kaam. Dêrnei sloegen se him en namen se syn tas mei. De plysje ropt mooglike tsjûgen fan de berôving op har te melden.

De dieders binne twa blanke mannen mei in lingte fan 1 meter 80 oant 1 meter 90. Se droegen donkere jassen en hiene wite petsjes op. It slachtoffer hat oanjefte dien en kriget slachtofferhelp.

Trefwurden: 
berôving
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)