Winst achterfolgers op WB

20 nov 2011 - 15:24

De Nederlânske reerdriders hawwe it earste wrâldbekerwykein ôfsletten mei de winst op de achterfolging. Wouter Olde Heuvel, Jan Blokhuijsen en Sven Kramer, allegear TVM, wiene mei 3.41,25 fierwei de rapsten.

Wrâldkampioen Amearika waard op 3,27 twadde, Dútslân einige op it tredde plak. It is Oranje's earste oerwinning sûnt desimber 2009.

Trefwurden: 
reedriden
(advertinsje)