Hynder en wein oanriden

© Omrop Fryslân
In dronken 52-jierrige ynwenner fan Aldegea Smellingerlân hat sneon in hynder en wein oanriden yn syn wenplak. Dy waarden bestjoerd troch in 42-jierrige man fan 'e Hemrik. Op 'e Westersanning waard er fan achteren oanriden doe't er mei oare ruters de dyk op gie by de maneezje. De Aldegeaster besocht dêrnei troch te riden, mar dat slagge net, omdat in tsjûge syn trekker dwers op 'e dyk sette.
De dronken fertochte stapte lykwols út de auto en besocht rinnende út te naaien. De plysje koe de man op 't West oanhâlde. Omdat er fjouwer kear te folle alkohol dronken hie, mocht de Aldegeaster 13 oeren net ride.