Wender krijt seis tiny houses by soarchopfang De Marene yn Ljouwert

29 jun 2021 - 09:58

Organisaasje foar dakleaze-opfang Wender hat tiisdei seis tiny houses nei soarchopfang De Marene yn Ljouwert ta helle. De húskes binne spesjaal foar minsken dy't ferlet hawwe fan in eigen, rêstige omgjouwing. Yn july komme de earste bewenners der te wenjen.

De Marene hat seis tiny houses krigen:

De tiny houses binen tiisdeitemoarn betiid yn kolonne oer de sneldyk ferfierd, út Drinte wei. De tiny houses komme yn de tún fan De Marene. De bedoeling is dat minsken der wenje kinne mei mear privacy en minder prikkels.

De tiny houses binne 35 kante meter. Begelieding komt út De Marene wei en is dus net fier. Sa kinne de bewenners stipe krije.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Cor Schaafsma leit út dat der by De Marene minsken opfongen wurde dy't dak- of thúsleas binne. "Der is gjin ferfolch mooglik, dus wy wolle soarch en begelieding beide. Faak binne it minsken dy't net mear selsredsum binne. Wy fange hjir op dit stuit 52 minsken op. By alle minsken spilet in soarchaspekt."

Op eigen terrein

Mar it mei-inoar wenje past net by eltsenien, seit Schaafsma. "Net alle minsken fine in plak yn de groepsfisy. Guon hawwe wat minder prikkels nedich. En wy krigen ek fragen foar opfang, bygelyks by de nachtopfang. Dêrom hawwe wy nei ús eigen terrein sjoen: wat is dêr mooglik?"

Foar Wender binne de tiny houses in moaie oplossing, om't sy nei 1 jannewaris ek oanbieder binne yn de Wlz-GGZ (Wet langdurige zorg). In gruttere groep minsken kin dus in berop dwaan op it saneamde 'Beschermd Wonen.'

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Cor Schaafsma

Theo Outhuyse fertelt fierder: "We hebben heel erg uitgekeken naar deze dag. We hebben wel wat hobbels moeten nemen. Maar het loopt voortreffelijk, dat is enorm fijn." De kar foar de lytse wenten is net foar neat. "Het is heel bewust gekozen: onze doelgroep is vaak niet gewend aan hele grote ruimten. Dit is ideaal voor de mensen die hier komen."

Theo Outhuyse jout in rûnlieding troch in tiny house

(Advertinsje)
(Advertinsje)