Brân by meganisaasjebedriuw yn Easterein: troch yngripen soad skea foarkaam

29 jun 2021 - 09:51

Yn Easterein stie it dak fan in loads fan in meganisaasjebedriuw oan de Sibadawei yn 'e brân. Der kaam in soad reek frij, dêrom frege de Fryske brânwacht omwenners om ramen en doarren ticht te hâlden. Troch it rappe yngripen fan de brânwacht koe in soad skea foarkommen wurde, want net fier fan it bedriuw leit in oalje- en banne-opslach.

Foto: AS Media

Der wiene ferskate brânwachten útriden nei de brân: dy fan Wommels, Mantgum, Boalsert en in grut wettertransport út Harns wei. Om't de reek yn de rjochting fan it doarp gie en it om in bedriuw gie, hat de brânwacht frij rap opskaald. Yntusken is it fjoer wer út. De loads hat wol wetter- en reekskea.

Marten Klaas Brinksma fan de brânwacht

Der is asbest frijkaam by de brân, mar neffens de brânwacht is alles op it terrein sels delkaam. Der wurdt noch wol in mjitting dien. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Fluch hannele

It bedriuw Bos Mechanisatie ferkeapet ûnder oare lânboumasinen en túnark. Eigener Anne Bakker is bliid dat syn meiwurkers sa fluch hannele hawwe en masinen út de loads wei helle hawwe. "It bringt je neat, mar it hie folle slimmer kinnen," sa seit Bakker.

Anne Bakker

(Advertinsje)
(Advertinsje)