Doarpetoer hat Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel efter it buro wei lutsen

De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel hawwe de ôfrûne moannen by de ynwenners del west yn in Doarpetoer, yn hast 30 doarpen yn de twa gemeenten. Dizze wike komme Twizelerheide en Wyns noch oan bar. De gemeenten wolle útfine watfoar sosjale basis minsken yn in doarp nedich hawwe.
Doarpshûs De Jister yn Twizelerheide © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Dy 30 doarpen del hat wol in soad wurk west, seit projektlieder Nynke Dölle. "Mar it is wol moai om te dwaan. Ynwenners wurdearje it bot dat de gemeente nei harren ta komt. Yn de lytse doarpen is de mienskip hiel sterk. Minsken tinke om inoar en helpe inoar. Der binne in soad frijwilligers dy't foarsjenningen yn stân hâlde. Doarpshuzen spylje dêr in wichtige rol yn."
Der sit in dúdlik ferskil tusken de lytse doarpen en de gruttere kearnen, sa hat wol bliken dien. Dölle: "Wy hawwe frege oft it noflik libjen is yn it doarp en oft minsken noch wat misse. Mar elts doarp is unyk, dus foar út betsjut it aanst ek maatwurk leverje."

Efter it buro wei

Sy is mar wat tefreden oer de Doarpetoer en soe it oare gemeenten ek oanbefelje. "Wy kinne net fan efter it buro wei betinke wat goed is foar ús ynwenners."
It bliuwt neffens Dölle net by praten: de gemeenten moatte aanst foarsjenningen en inisjativen stypje. "Ein dit jier is der in fisy fêststeld troch de beide gemeenterieden. Dat foarmet ek it ramt foar subsydzje foar inisjativen en organisaasjes. De gemeente kin ek stypje by de oanfraach fan fûnsen. En foaral ferbine tusken minsken."
Projektlieder Nynke Dölle