Kamp Moarre nei Den Haag: "Blykber is Fryslân soms dochs te fier fuort"

Yn april waarden by Moarre 4.222 poppen yn in greide delset as symboal foar de bern yn flechtlingekampen oan de râne fan Europa, lykas Kamp Moria yn Grikelân. De inisjatyfnimmers stjoerden in brief oan alle Twadde Keamerleden, mar krigen gjin reaksje werom. Dêrom sille sy no mei in oantal jongelju nei de Keamer ta, mei it idee: as Den Haag net komme wol, komme wy wol nei Den Haag.
© Martijn Heemstra
Yntusken hat de organisaasje wol telefoanysk kontakt hân mei it Fryske Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA), seit inisjatyfnimmer Wini Weidenaar. "Wy tochten: wy moatte it mar wat tichterby sykje. Hy fûn it ek wol ferfelend en sei: dit kin net. Wy wolle jimme helpe. Hy hjit ús wolkom yn Den Haag om ús ferhaal dêr te dwaan."
Weidenaar fynt it wol begrutlik dat it sa fier komme moat. "Blykber is Fryslân somtiden dochs wat te fier fuort. Hiel spitich. Mar wy hoopje dêr ús ferhaal te dwaan en dat it wat opsmyt."

Jongerein

Dêrfoaroer wiene de reakjes út Fryslân sels wei oerweldigjend. "It hat my ek rekke hoe belutsen sy yn Moarre wienen. Ek de jongelju wiene tige belutsen. It is dêrom ek geweldich dat sy mei wolle nei Den Haag."

Boekje oerlangje

De inisjatyfnimmers wolle yn Den Haag in boekje oerlangje. "Yn it boekje stiet wat wy yn Kamp Moarre dien hawwe en hoefolle minsken poppen makke hawwe. Fan de 50 bern foar wa't troch it regear tasein is se op te fangen, binne der noch mar 2 opfongen. En dan is dat noch mar in earste stap. De bylden fan flechtlingen binne sa skrinend. Dit belied is sa net goed."
Inisjatyfnimmer Wini Weidenaar