300 Friezen diele harren ferhaal oer neisleep corona

De ein fan it coronafirus liket yn sicht te wêzen en it gewoane libben wurdt hieltyd mear oppakt. Mar dat jildt net foar elkenien, want der binne noch in soad minsken dy't lêst ha fan de neisleep fan it coronafirus. Hast 300 Friezen ha harren klachten en ferhalen mei Omrop Fryslân dield.
Ferslachjouwer Timo Jepkema leit de útkomsten fan it ûndersyk út
Fan dy hast 300 minsken jout trijekwart oan noch wurch te wêzen. De helte hat lêst fan pine, de luchtwegen en kin him dreech konsintrearje of hat muoite mei it finen fan wurden.

Wa binne de minsken dy't in reaksje jûn ha?

Sybren Vis is 56 jier en ien fan de minsken dy't syn ferhaal dien hat. "Ik kin noch gjin tweintich minuten stean", fertelt er. "Ik ha in protte pineholle en stammerje. Ik ha dit noch nea earder hân. Ik moat myn sinnen yn it foar betinke. De measte dokters witte net wat se hjir mei moatte."
Sybren Vis © Omrop Fryslân
Ek jout de helte fan de minsken oan dat de coronaneisleep in soad impact hat op harren wurk en skoalle. Jannie Venema hat hjir ek lêst fan. It is yntusken seis moannen lyn dat se it coronafirus hân hat: "Mijn hele leven is weg. Ik kan niet meer werken of sporten. Ik werkte in de gehandicaptenzorg, bij een hoge zorgwoning. Ik sportte elke dag. Ik ging naar de sportschool, mountainbiken, crossfit en zwemmen."
Jannie Venema © Omrop Fryslân
Kyra Cuperus is noch mar 22 jier âld, mar sa fielt se har net: "Ik fiel my krekt in beppe. In jong persoan yn in âld lichem. Ik sporte trije kear per wike. Ik wie hiel fit. No ha ik gjin libben mear. Ek gjin sosjaal libben mear. Ik kin der mei gjinien oer prate, freonen ha nearne lêst fan hân. Ik fiel my iensum."
In soad fan de minsken dy't in reaksje jûn ha, fiele harren net begrepen troch de minsken dy't sûn troch it libben gean. Just om't it firus sa nij is. Se jouwe oan dat it coronafirus noch hieltyd sjoen wurdt as 'mar in grypke' en ha it dêr dreech mei.
Kyra Cuperus © Omrop Fryslân
Arrianne van 't Ende is 62 jier en fynt it freeslik dat guon minsken it firus net serieus nimme: "Het pijnlijke is dat veel mensen er veel te luchtig over doen, wat corona betreft. Het is maar een griepje, of ach, het is maar een longontsteking. Nou, echt niet dus. En dat doet me pijn, daar word ik verdrietig van en heel erg boos. Ook geestelijk heeft het een enorme impact op je."
Arrianne van 't Ende © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân bringt op tiisdei 29 juny de ferhalen fan de coronaneisleep, mei jûns tusken 20.20 en 21.00 oere in spesjaal telefyzjeprogramma. Dêr skowe saakkundigen oan en litte wy ûnder oare in reportaazje sjen wêryn't fjouwer eks-coronapasjinten inoar moetsje en harren ferhalen mei-inoar diele.