Reade Krús freget Fryske gemeenten om needopfang foar dakleazen

Der moat needopfang komme yn Fryslân foar minsken dy't dakleas binne en dy't gjin rjocht hawwe op reguliere opfang, sa fynt it Reade Krús. De organisaasje ropt Fryske gemeenten yn in brief op om dêr wurk fan te meitsjen. Neffens it Reade Krús giet it benammen om minsken dy't útprosedearre binne. Dy groep wurdt hieltyd grutter.
© ANP
By it Reade Krús komme geregeld helpfersiken binnen fan minsken dy't gjin rjocht hawwe op dy reguliere foarsjenningen, mar dy't wol op syk binne nei help foar it finen fan in opfang.
Yn Fryslân wiene der ferline jier 25 opfangfersiken, mar neffens it Reade Krús is it mar it topke fan de iisberch. "Mensen verdwijnen in de anonimiteit. Per jaar denken we dat het wel om 75 tot 100 mensen kan gaan. Zij vallen tussen wal en schip", leit distriktsmanager Véronique Huismans fan it Reade Krús út.

Strukturele tagong

Faak binne it minsken dy't net mear wolkom binne by de Landelijke Vreemdelingen Voorziening yn Grins. "Deze mensen raken nu buiten beeld", skriuwt it Reade Krús yn de brief oan de gemeenten. De organisaasje pleitet foar strukturele tagong ta in sliepplak foar eltsenien dy't net frijwillich op strjitte sliept.
It Reade Krús hopet op needopfang of in saneamde 'Bed, Bad en Broodvoorziening' yn Fryslân foar minsken sûnder jildige ferbliuwspapieren.

Positive reaksjes

Neffens Huismans hat it Reade Krús al fan in oantal gemeenten goede reaksjes krigen. "Gemeenten moeten samen optreden om een oplossing te vinden. Wij kunnen als Rode Kruis misschien ondersteunen bij het werven van fondsen of met vrijwilligers die zich in kunnen zetten."
Distriktsmanager Véronique Huismans fan it Reade Krús