Man (79) ferstoarn by ynsidint mei bolle yn Oerterp

Yn Oerterp is moandeitejûn in 79-jierrige man ferstoarn by in ynsidint mei in bolle. Wat der krekt bard is, is noch net bekend makke.
Helpferlieners yn aksje © CAMJO media
Foar de helpferliening waarden meardere ambulânsen en in traumahelikopter oproppen. Ek waarden flink wat plysjes nei Oerterp stjoerd.
De bolle is troch in plysje mei in jachtgewear deasketten.