Trainer Jansen stelt ferwachtingen SC Hearrenfean by: "Wij willen het publiek vermaken"

28 jun 2021 - 21:09

Mei 22 spilers is SC Hearrenfean begûn oan de tarieding op it nije seizoen, seis wiken foardat de kompetysje úteinset mei de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Allinnich Rami Hajal en Benjamin Nygren wienen by de earste training op sportpark It Paradyske yn Langsweagen ôfwêzich. Sy ha wat langer fakansje, omdat se begjin juny noch ynterlânferplichtingen hienen mei Jong Sweden.

In reportaazje oer de earste training fan SC Hearrenfean

Ferline seizoen wienen de play-offs it doel, mar neffens Johnny Jansen is it wichtich om it ferwachtingspatroan nei ûnderen by te stellen. "Afgelopen jaar waren we niet stabiel genoeg, dat moeten we voor mekaar zien te krijgen. En we willen het publiek vermaken. Als we vaak onder applaus van het veld afgaan, betekent dat dat je het heel aardig doet."

Jeffrey Talan op it fjild

Opfallend wie dat Jeffrey Talan op it trainingsfjild stie. Talan wie de lêste seizoenen ien fan de assistinten fan Jansen, mar dêr is nei it teloarstellende ôfrûne seizoen in ein oan kaam. De âld-spiler fan de klup bliuwt wol aktyf belutsen by it earste alvetal as saneamd 'transitiecoach'.

Ferry de Haan: "Dat is een nieuwe functie en Jeffrey zal zich voornamelijk gaan bemoeien met de jongens die tussen de beloften en het eerste elftal in zitten. Hij zal ook vaak op het veld staan, maar hij zit tijdens wedstrijden niet op de bank."

Fan assistint Hennie Spijkerman en keeperstrainer Raymond Vissers hat Hearrenfean wol definityf ôfskied naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)