Dosint Bert Mul wol skoaljier yn Hurdegaryp ôfmeitsje; rjochter docht woansdei útspraak

28 jun 2021 - 20:51

It skoaljier ôfmeitsje, de goede sifers op de rapporten sette en by de diplomaútrikking wêze fan syn learlingen, dat is eins it iennige dat dosint Bert Mul wol. It wie de ynset fan in koart pleit dat hy oanspande tsjin de lieding fan it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. Dy sette Mul op non-aktyf nei in kritysk ynterview by Omrop Fryslân.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma folge it koart pleit:

In doelfêste aksje om de Stichting voor Persoonlijk Onderwijs (SvPO) skea te dwaan, sa sjocht de lieding fan de skoalle it ynterview fan Mul. It wie in foaropset plan, fynt it bestjoer, krekt sa as in publikaasje yn deiblêd Trouw. De krante skreau deselde sneon as it ynterview mei Mul by Omrop Fryslân oer misstannen binnen de skoalle.

Koördinearre aksje

Mul waard skorst nei't er syn ferhaal dien hie by Omrop Fryslân. De skoallieder, Petra Schutte, ferwyt Mul dat hy sein hat dat de skoalle in 'malafide dictatoriale organisatie is met de leerlingen als gegijzelden'. De dosint ûntkent dat. Ut it ynterview docht ek nearne bliken dat Mul dat sein hat. Omrop Fryslân hie foar it ferhaal meardere boarnen, wêrûnder ek anonime.

It koe net oars, sa wie it ferhaal fan advokaat Joan Du Bois dy't de skoalle fertsjintwurdige, dat hjir sprake wie fan in koördinearre aksje. Earst Trouw, dan Omrop Fryslân.

Mul en de oare dosinten dy't net bliid wienen mei de gang fan saken yntern, soenen sa harren gram helje wolle. Dat soe bliken dwaan út app-gesprekken fan dosinten ûnderling. En dus hat Mul it Tjalling Koopmans College bewust yn in min deiljocht set en kostet dat de skoalle learlingen, is de redenearring fan it skoalbestjoer.

Ik heb dat gedaan voor de leerlingen. Zij zijn de dupe van de situatie binnen de school.

Dosint Bert Mul

Mul en syn advokaat bestride dit. De dosint seit dat yn de appgroep in fraach kaam om te fertellen wat der oan de hân is op de skoalle en dat hy doe sein hat: 'Ik doch it wol. Under eigen namme'.

"Ik heb dat gedaan voor de leerlingen. Zij zijn de dupe van de situatie binnen de school", seit Mul. "Ik ben niet getrouwd, heb geen gezin en woon in een huurhuis. Ik had het minste te verliezen, mocht zo'n interview consequenties hebben." Fan in foaropset plan is neffens him gjin sprake: "Trouw? Daar heb ik geen contact mee gehad", sei Mul yn de rjochtbank.

Bert Mul - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De direksje fan de SvPO hie noch in ferwyt. Tsjin alle regels yn soe der in feestje op skoalle plakfûn ha, mei learlingen en alkohol. Ut bylden fan de befeiligingskamera's die bliken dat Mul in krûp krige fan in learling. De leararen soenen, sa stelde de advokaat fan de SvPO, ek learlingen alkohol jûn ha. De advokaat fan Mul, Joost Aarts, woe der eins gjin wurden oan smoarch meitsje. Aarts neamde it de meast 'soere' reaksje op dat feestje.

Neat oan de hân

Neffens twa learlingen dy't bûten de rjochtbank de sitting folgen, wie der neat oan de hân. Ja, Mul wie derby en hat mei west nei de supermerk. Nee, net ien fan de dosinten hat learlingen alkohol jûn. Ja, it wie in feestje op skoalle mar dat wie flak nei de eineksamenstunt en wie fuort ek it ôfskied fan in oare dosint. Neffens de twa learlingen wie der neat oan de hân en is net ien dronken wurden. "Er was fris en bier, meer niet."

Dúdlik is dat de arbeidsferhâlding tusken wurkjouwer en wurknimmer folslein fersteurd is. De foarsitter fan de rjochtbank oppere noch om ta in kompromis te kommen, mar dat waard hurd fan de hân wiisd troch de advokaat fan Mul: "Na alles wat hier op tafel is gekomen, de ongefundeerde beschuldigingen, willen wij een uitspraak."

Joost Aarts, de advokaat fan Bert Mul

It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) - Foto: Omrop Fryslân

Nei in lang betooch fan SvPO-bestjoerder Misha van Denderen waard ek fan dy kant dúdlik dat sy in kompromis, dat Mul ôfskied nimme mei fan de learlingen, net as akseptabel sjoen wurdt. Dus komt der in rjochterlike útspraak.

De rjochter sil bepale oft dat troch Mul winske ôfskied der komt. De learlingen wolle dat al, mar wat graach sels. Mar it bestjoer fan de skoalle ferwachtet allinnich mar mear ûnrêst.

Unrêst dy't neffens Mul krekt feroarsake is troch de lieding fan it Tjalling Koopmans College sels. Want hienen se him op syn wurden leaud, dat hy de him oanrekkene útlitting net dien hie, dan hie hy nea skorst west en wie der ek gjin ûnrêst, sa makke de dosint dúdlik.

It lêste wurd yn dizze is oan de rjochter: kommende woansdei al, om 14.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)