Minder trochstream út dakleaze-opfang Wender wei troch wenningtekoart

28 jun 2021 - 18:11

Minsken makken yn it ôfrûne jier langer gebrûk fan de dakleaze-opfang yn Ljouwert. Dat hat der benammen mei te krijen dat de mooglikheden foar trochstreaming minder wurden binne, sa jout de organisaasje Wender (foarhinne Zienn) oan by de presintaasje fan de jiersifers. It komt troch it wenningtekoart.

Zienn Ljouwert (no Wender) - Foto: Google Street View

Yn 2020 hawwe sân persint minder kliïnten gebrûk makke fan de krisisopfang, mar dat komt dus foaral om't der minder nije kliïnten terjochte koene. "It is min nijs, want dy hiele trochstream is dus ôfremme troch corona. Dêrtroch koenen minsken net goed mear útstreame", seit Sjoerd Woudstra fan Wender.

Om't minsken minder gau in reguliere wenning krije koenen, bleaunen se langer yn de opfang. "En de opfang sit eigentlik altyd fol, dus as der neat út giet, kin der ek neat yn."

Yn de nachtopfang fan Ljouwert ferbleaune minsken yn trochsneed 36 nachten, yn 2019 wie dat noch 11 nachten. En by de krisisopfang yn Burgum duorre in ferbliuw gemiddeld 4,2 moannen, yn stee fan 2,9 moannen yn 2019.

Mear ynset op wurk

Yn it ôfrûne jier hawwe Zienn en it Grinslanner Het Kopland hurd wurke om wurkplakken te finen foar dak- en thúsleazen. Yn 2020 wiene 355 minsken oan it wurk yn de saneamde wurk- en aktivearringslokaasjes. It binne der mear as de 327 minsken yn 2019.

Mear jongerein yn de opfang

Der liket hieltyd mear jongerein yn de opfang te bedarjen, Woudstra sjocht dy trend ek. Neffens him binne de besunigingen by oare soarchynstellingen lykas de GGD in wichtige reden: "Ofdielingen wurde sluten, en úteinlik komt dy jongerein dochs op de dyk telâne. Oare ynstellingen ha hieltyd minder romte, en it skoot allegear ús kant op."

Sjoerd Woudstra fan Wender oer situaasje dakleaze-opfang:

(Advertinsje)
(Advertinsje)