Snitser thússoarchmeiwurkster moat seis moannen sel yn foar stellerij sieraden âlderein

28 jun 2021 - 16:04

In 38-jierrige frou út Snits hat in selstraf fan seis moannen krigen foar it bestellen fan âlderen. Sy kaam as meiwurker fan in thúshelporganisaasje by de minsken.

Sieraden - Foto: Shutterstock.com / mikeledray

De frou hat op adressen yn Snits, Toppenhuzen en Boalsert sieraden fan âldere minsken stellen. In protte sieraden wienen erfstikken. De frou hat it stellen guod by juweliers ferkocht. Boppedat hat de frou noch fiif winkels bestellen.

Druk fan eks-partner

De frou út Snits sei dat har eks har ta it stellen oanset hie, troch har ûnder druk te setten, mar dat leaude de reklassearring net. Se krige yn 2017 ek al twa moannen selstraf, ek foar stellerij.

De straf fan seis moannen sel is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje. Boppedat moat de thússoarchmeiwurkster in 90-jierrige frou út Toppenhuzen 1.000 euro betelje. Dat jild krige se foar sieraden dy't se fan de frou stellen hie.

Trefwurden: 
stellerij Snits sieraden
(Advertinsje)
(Advertinsje)