Nije wentoer Thialf wurdt omwuolle mei 'gouden wimpels'

In leechsteande meubelbûlevaar sil ferboud wurde ta in wentoer dêr't mear as hûndert wenplakken foar topsporters komme. Foar de ferbouwing socht de gemeente gevelûntwerpen, úteinlik is it ûntwerp fan arsjitekteburo René van Zuuk de winner wurden.
© René van Zuuk
Oan de ûntwerpwedstriid diene ferskate arsjitekteburo's út it hiele lân mei. It te ferbouwen pân stiet ticht by Thialf. Yn de wentoer moatte úteinlik 112 wenienheden foar topsporters en harren mentoaren komme.

'Omwikkeld met gouden wimpels'

It winnende ûntwerp komt fan it arsjitekteburo René van Zuuk út Almere. De gemeente Hearrenfean en Zwanenburg Projecten kamen tegearre ta dit beslút. Yn it ûntwerp fan Van Zuuk liket it krekt as is de wentoer omwuolle mei gouden wimpels.
"Het ontwerp deed ons gelijk denken aan een opeenstapeling van Gouden Plakken. Beter past in onze ogen niet! Bij Heerenveen én het doel van de toekomstige bewoners", seit projectleider Bastiaan Dijk oer it winnende ûntwerp. It hat dan ek de tapaslike namme 'De Troffee' krigen.
De huldiging fan René van Zuuk © Zwanenburg Projecten
René van Zuuk waard op bysûndere wize huldige. Mei in krâns om 'e nekke makke er foar it gemeentehûs op it Hearrenfean in earerûntsje op in belslide dy't lutsen waard troch in Frysk hynder.

Bouteam kompleet

Mei de arsjitekt is it team foar de werûntwikkeling fan 'de Vestalocatie' kompleet. De kommende moannen sil it team de plannen útwurkje. It is de bedoeling om begjin 2022 mei de ferbouwing útein te setten.