RIVM meldt fiif nije coronabesmettingen yn Fryslân

28 jun 2021 - 15:29

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fiif nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne der seis minder as snein. Doe gie it om alve besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed gie it yn de ôfrûne wike om 9 besmettingen deis.

De measte besmettingen binne fêststeld yn gemeente De Fryske Marren mei twa besmettingen. Dêrnei folgje Smellingerlân, Weststellingwerf en Súdwest-Fryslân mei elk ien besmetting.

De ôfrûne dei binne der fjirtjin fan de achttjin Fryske gemeenten frijbleaun fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en opnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 580 nije coronagefallen registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)