Omrop TIP: Portret fan Anneke Douma yn Weromrop.tv

28 jun 2021 - 15:01

'De koaningin fan it Fryske liet' is sûnder mis Anneke Douma (1944). Al jierren is dizze sjongeres net fan de Fryske poadia wei te tinken. Yn dit portret út 1997 fertelt se wat sjongen foar har betsjut en hoe't it allegear begûn is.

Anneke Douma yn de dokumintêre út 1997 - Foto: Omrop Fryslân

"It sjongen learst net, dat hast. Ik ha myn libben lang altyd songen", fertelt Anneke Douma. "As lyts famke gie ik by ús mem yn de bus en dan siet ik by de sjauffeur op de skurte altyd te sjongen. Ik hie mar ien doel yn it libben, en dat wie sjonge."

"Ik fyn net gau wat te gek"

Se rydt yn it tsjuster fan it iene bedriuwsfeest nei it oare, sykjend mei de kaart yn de hân. Yn de klaaikeamer noch wat hierlak yn it hier, de lippen stiftsje, kreaze blûze en in fleurich jaske oan. "Sa kin it wol, net?" Noch in peukje en dan pakt se de seal yn. "It is net inkeld mar sjonge, ik sjoch ek altyd nei de minsken. Je moatte mei minsken omgean. Ik fyn net gau wat te gek."

Doe't se 14 jier wie, gie se alle jûnen al op paad te sjongen op brulloften en partijen. Op har achttjinde kaam se by it beropsorkest De Sambrinco's. Dêrmei kaam ek it Fryske repertoire.

In optreden fan Anneke Douma yn 1997 - Foto: Omrop Fryslân

Lanlik sukses

Mei 'Bonkefeart' krige se sels lanlik sukses. "Dat is in echte kraker, in feestnûmer. Minsken kinne der moai polonêze op dwaan. Dat imago ha ik troch dat nûmer wol krigen. Mar ik fyn it prachtich as de minsken feest hawwe, dêr dochst it toch foar."

Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.tv. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.

Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.

Trefwurden: 
muzyk Anneke Douma Weromrop
(Advertinsje)
(Advertinsje)