Koart pleit oer skorsing dosint Tjalling Koopmans College

28 jun 2021 - 13:26

De digitale sitting fan it koart pleit tsjin it Tjalling Koopmans College tsjinnet moandei. Underwiisbûn AOb is nei de rjochter stapt foar de skorsing fan dosint Bert Mul.

It Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp - Foto: Omrop Fryslân, Theo Ligthart

Dosint ierdrykskunde Bert Mul fan it Tjalling Koopmans College is twa wiken lyn troch de skoallieding op non-aktyf set. Dat barde nei oanlieding fan in ynterview by Omrop Fryslân, wêryn't er krityske útlittingen oer de situaasje op de skoalle die.

Skorsing weromdraaie

In oare dosint die anonym de útspraak dat de skoalle in "dictatoriale malafide organisatie met de leerlingen als gijzelaars" is. Koart nei it ynterview waard Mul skorst. De dosint waard fuort alle tagong ta de skoalle ferbean. Neffens it ûnderwiisbûn AOb ferwyt de skoalle Mul dizze anonime útlittingen, dat stiet yn in mail fan de skoallieder oan Mul.

It ûnderwiisbûn is dêrop nei de rjochter stapt, om't Mul dy útspraken net dien ha soe. It fakbûn wol dat de skorsing fuortendaliks weromdraaid wurdt. De digitale sitting fan it koart pleit fynt moandeitemiddei plak.

SvPO tsjin ûnderwiisynspeksje

Ferline wike wie it koart pleit fan SvPO tsjin de ûnderwiisynspeksje, wêrmei't de SvPO hopet de publikaasje fan it ynspeksjerapport tsjin te hâlden. It is de ferwachting dat der dizze wike noch in útspraak komt oer oft de rapporten wol of net iepenbier makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)