Concours Hippique Bûtenpost giet troch: besikers moatte wol stuoltsjes mei

28 jun 2021 - 13:16

It hynste-evenemint Concours Hippique, dat alle jierren yn Bûtenpost holden wurdt, koe ferline jier troch it coronafirus net trochgean. Troch de nijste ferrommingen fan de maatregels kin it evenemint dit jier wer trochgean. Hielendal lykas it wie is it net: minsken moatte dizze kear harren eigen stuoltsjes meinimme.

Foto: Stichting Nationaal Concours Hippique Dokkum

"We zijn er heel blij mee. Je wilt zo'n concours toch levend houden", seit foarsitter Tiemen Dolfijn. Foar in evenemint as de Concours Hippique is kontinuïteit fan grut belang. "Anders verlies je de aandacht bij de deelnemers, bij de eigenaren van de paarden, bij het publiek. Je verliest sponsoren en vrijwilligers. We wilden koste wat kost iets doen. Desnoods op een andere manier, maar wel die dag invullen."

Tagongsbewiis

De kaartferkeap fan it evenemint is dit jier online. En om nei it konkoers ta te gean is in corona-tagongsbewiis nedich. "Dat betekent dat je volledig gevaccineerd moet zijn, of een coronaherstelbewijs hebt of getest bent bij Testen voor Toegang. Je moet aan kunnen tonen dat je veilig bent. Dan kun je op het terrein zelf de 1,5 meter loslaten. We hebben een groot terrein, dat kan goed geregeld worden."

Stuoltsjes mei

Allinne de tribunen binne der dit jier net. Dêr is foar keazen om't dy tribunen it grutste finansjele risiko foarmje dat it bestjoer rinne kin. "Dit jaar doen we het niet. Vroeger gingen mensen ook met stoeltjes om de ring heen zitten, dat gaan we dit jaar ook doen. De programma-opzet blijft gelijk, we gaan ons alleen wat meer concentreren op rubrieken voor jongere paarden."

Gjin kampioenskippen

Der komme ek gjin kampioenskippen yn Bûtenpost. "Dat is niet realistisch, want paarden hebben ervaring en ritme nodig om op te bouwen naar een kampioenschap. Normaal zitten we halverwege het seizoen, maar nu zitten we bijna aan het begin. Als tweede concours moet je geen kampioenschappen verrijden, dat moet eerder in oktober of september."

Foarsitter Tiemen Dolfijn fan it Concours Hippique

(Advertinsje)
(Advertinsje)