Earste peal fan proef-wolvestek komt by Boyl

De earste peal foar it proefstek om wolven tsjin te hâlden wurdt tiisdei slein yn Boyl. It wie al bekend dat der in wolvestek komme soe, mar wêr krekt wie noch net dúdlik. It stek om de wolf te kearen komt op de grins fan greide en natuer, om dúdlik te meitsjen wêr't de wolf wol wolkom is en wêr net. It is in inisjatyf fan de Stichting Wolvenhek Fryslân.
© Omrop Fryslân
It bart net fier fan de Boijlerweg, by de grins tusken Fryslân en Drinte. Ald-kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel sil de earste peal de grûn yn slaan.

Wiegel: "Sy hawwe grut gelyk"

"Ik vind dat die mensen gelijk hebben met dit plan", sei Wiegel koartlyn yn It Polytburo. "Als je daar woont en een stel schapen en lammeren hebt die door die gezellige wolven worden gepakt, dan word je niet vrolijk."
Hans Wiegel lei koartlyn yn It Polytburo út wêrom't er foar it stek is:
Wiegel kin him wol fine yn de inisjatyfnimmers. "Ik denk: volgens mij hebben die lui groot gelijk om dat niet te willen. Laat ze nou ergens beginnen. Die mensen hebben het bedacht en zijn enthousiast. Een heleboel mensen vinden wolven helemaal geen fantastische dieren."
De Faunabescherming hat Hans Wiegel frege ôf te sjen fan it slaan fan de earste peal fan it wolvestek. Neffens de Faunabescherming is sa'n stek ûnwettich, mar is der ek gjin reden om it del te setten omdat de wolf amper foar skea soarget.
Neffens foarsitter Niko Koffeman soe it Wiegel siere as er syn foarbyldfunksje op in positive manier ynsette soe foar mear begryp foar de natuer, yn stee fan minder. "Sprookjes over de boze wolf horen daar niet bij", seit Koffeman.