Jeugd- en Gezinsbescherming hat noed oer sichtberens problemen troch corona

28 jun 2021 - 10:02

Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland hat noed oer it ôfnimmen fan it tal húshâldings- en feiligensproblemen yn 2020. Dat soe gewoanwei in goed teken wêze, mar de organisaasje tinkt dat it te krijen hat mei de coronakrisis. Troch de lockdowns is de sichtberens op de thússituaasje fan jongelju ôfnaam.

Foto: Shutterstock.com (Nikodash)

De organisaasje foar jongereinsoarch docht alle jierren ûndersyk nei de kearnproblemen fan de doelgroep. Troch de jierren hinne is it byld fan dizze problemen frij stabyl, mar ferline jier is it tal húshâldings- en feiligensproblemen ôfnaam.

"Mogelijk kan het verminderen van zicht op jeugd vanuit familie, school, zorg en Jeugd- en Gezinsbescherming door corona daar een rol in spelen", skriuwt de organisaasje.

Fideokontakt

Om goed te witten hoe't it mei bern giet en wat der yn húshâldingen spilet, is streekrjocht kontakt tige wichtich. Yn coronatiid wie der minder kontakt mei jongelju en as der kontakt wie, gie dat faak fia in fideoferbining. Dêrtroch binne guon saken lykas ferwaarleazing dreech werom te sjen.

Fuortfallen skoalle

Ek it fuortfallen fan de skoalle is in grutte soarch foar Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland. "Kinderen hebben zich teruggetrokken, zijn depressiever geworden, hebben mogelijk leerachterstanden opgebouwd en motivatie verloren." Bern út húshâldingen mei problemen binne somtiden flink yn 'e knipe kaam.

De organisaasje jout yn de oanbefellingen fan it ûndersyk oan te hoopjen dat der wer perspektyf komt om foar te kommen dat bern ôfglide en dat skoalle en helpferliening de romte krije.

(Advertinsje)
(Advertinsje)