Plysje Ljouwert siket tsjûgen fan bedriging troch jonge op it Noordvliet

28 jun 2021 - 09:01

De plysje fan Ljouwert siket tsjûgen fan in bedriging op it Noordvliet. In groep jongelju fytste snein yn tsjinoerstelde richting oer de stoepe en kaam yn oanfarring mei in fytser. Doe't in frou der wat fan sizze woe, helle in jonge fan in jier as 14 in foarwerp út de bûse dat op in fjoerwapen like.

Foto: ANP

De jonge hat it mooglike fjoerwapen op de frou rjochte. De groep is dêrnei trochfytst. De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't hjir wat fan sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Ljouwert bedriging Noordvliet
(Advertinsje)
(Advertinsje)