Tsjerkwerter sylhûetten ferivige foar Alvestêdekeunstwurk

28 jun 2021 - 06:47

Fjirtjin Tsjerkwerters binne op de foto set foar in Alvestêdekeunstwurk by harren doarp. It wurk Fyftjin en fierder bestiet út sylhûetten fan stiel.

Tsjerkwerters steane model foar it Alvestêdekeunstwurk:

Fan alle fyftjin Alvestêdetochten komt der in sylhûet fan waarfêst stiel yn de styl fan it jier dat dy hâlden is. It fyftjinde sylhûet is dy fan kening Willem-Alexander en dêr hie keunstner Pieter Jan Stallen al in foto fan.

Ferivige

De Tsjerkwerters binne ûnder oaren delset as barones of ryksplysjeman. Doede Wijngaard stie snein as parsefotograaf model mei bûntmûtse en lammy coat.

Posearje foar it Alvestêdekeunstwurk Fyftjin en fierder - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"It is wol leuk dat ik ferivige wurd", fynt de Tsjerkwerter. "Myn pakesizzers wenje hjir allegearre. As dy dan letter oer de Trekdyk fytse en ik bin al lang dea, dan kinne sy sizze: sjoch, dêr stiet dy âlde ek!"

Takom jier

De sylhûetten wurde de kommende moannen útsnien yn stiel en ein dit jier komme se by Tsjerkwert te stean. De ûntbleating fan it keunstwurk kin dan, al of net mei de kening derby, begjin takom jier wêze.

Foto: Stichting Fyftjin en Fierder
(Advertinsje)
(Advertinsje)