Ljouwerter skippersferiening pleitet foar mear ljedders nei ferdrinking

Der moatte op mear plakken ljedders oan yn de wâlskanten fan de grêften bûten it sintrum, sa fynt Vereniging Schippers te Leeuwarden. Dizze oprop komt nei it fatale ûngelok sneon by de Blokhúspoarte, dêr't in 19-jierrige jonge yn it wetter om it libben kaam. De feriening is fan doel om in brief nei de gemeente te stjoeren.
Skippersferiening pleitet foar mear ljedders
"It is fansels ferskriklik dat sa'n ûngelok bard is", seit foarsitter Herre Haarsma fan de skippersferiening. "Wy hawwe yn de ôfrûne tiid al in pear kear meimakke dat de minsken yn it wetter fallen binne."
Herre Haarsma fan de Vereniging Schippers te Leeuwarden
Eltse kear docht it neffens Haarsma wer bliken dat it dreech is om feilich út it wetter te kommen by de hege kaaien. "Sels mei in lyts boatsje. Ek mei help is it dreech om ien mei klean oan út it wetter te heljen. Dus wy pleitsje der sterk foar om om de 200 meter feiligenstreppen oanlizze te litten troch de gemeente."

Bûten de binnenstêd

Yn de binnenstêd is der wol in oantal ljedders yn de grêften, seit Haarsma. "In omstanner kin de drinkeling altyd wize op sa'n trep om der út te kommen. Mar yn it brede wetter, dêr't in soad ferkear is, is neat te finen. Je komme der selsstannich net wei. Wy hawwe it yn de ôfrûne twa moannen fjouwer kear meimakke dat der ien yn it wetter bedarre. By it ûngelok mei de jonge hat tink ik net ien west. Mar soks triuwt je wol mei de noas op de feiten."

Sels mar ljedders pleatst

Guon skippers hawwe it heft mar yn 'e eigen hannen naam. Sa seit Lia van der Mark: "Een buurman heeft al eens contact gezocht met de gemeente, maar daar kreeg hij geen reactie op. Daarom hebben we zelf actie ondernomen. Wij hadden nog wat oude aluminium ladders staan, die hebben we op een paar plekken bij de haven gezet zodat mensen eruit kunnen komen als er wat gebeurt. Je kunt hier ontzettend moeilijk uit het water komen, het zou mij nooit lukken."
De Emmakade yn Ljouwert © Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
Lia van der Mark
De fraksje fan D66 yn Ljouwert hat nei oanlieding fan dizze berjochtjouwing fragen steld oan it kolleezje en wol witte wêrom't der allinne ljedders binnen de stedsgrêften binne. Ek wol de partij witte oft it kolleezje sicht hat op it oantal minsken dat sûnt 2018 yn it wetter bedarre is yn Ljouwert en oft it kloppet dat de gemeente gjin aksje ûndernaam hat nei it kontakt sykjen troch in omwenner.