Oranje ferliest op grutte skerms yn Ljouwert: "Enorm pijnlijk dit"

28 jun 2021 - 06:48

Yn Ljouwert wie op grutte skerms te sjen hoe't it Nederlânsk alvetal mei twa doelpunten ferskil ferlear fan Tsjechië. De ferwachtingen wiene sa heech as wat, mar it waard in desepsje.

De teloarstelling waard hieltyd grutter

It waar wie moai, en nei Nederlânske oerwinningen yn de Tour de France en de Formule 1 wiene de ferwachtingen heech. Te heech, miskien wol.

Foar Nederlân is it EK foarby, nei in reade kaart foar Matthijs de Ligt. Foar de tsien dy't oerbleaunen wie Tsjechië te sterk. It waard 2-0. Nederlân skeat net ien kear op goal.

Op it Saailân yn Ljouwert wie de wedstriid te sjen op grutte skerms. Dy stiene sa opsteld, dat allinne minsken op in ôfsletten terras se sjen koene. It wie drok. Mûlkapkes hoegden net mear op. Ofstân waard net altyd holden.

Minsken hiene der lang op wachte, want de strange maatregels dy't ynfierd wiene om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen, wiene krekt ferromme. Mar noch foardat de wedstriid dien wie, gongen de earsten alwer op hûs oan. It hoegde net mear.

Trefwurden: 
Ljouwert fuotbal coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)