Grien ljocht op krúspunt E10; dyk earder iepen as ferwachte

27 jun 2021 - 18:55

It wurk oan it krúspunt E10 by Ryptsjerk is earder klear as ferwachte. Eins soe it moandei pas wer iepen, mar sneintemiddei koene de earste auto's der alwer oerhinne.

Foto: Kappers Media

De krusing fan de N361 mei de N355 wie folslein ôfsletten foar al it ferkear. De provinsje Fryslân fiert yn gearwurking mei meardere oannimmers grut ûnderhâld út oan de Ryksstrjitwei (N355) yn krusing mei de Westerdyk (N361).

Dat betsjut dat al it asfalt fan tongersdeitejûn 18.00 oere ôf op en om de krusing hinne fuort freesd is. Dêrnei is der freedtemoarn fuortendaalks úteinset mei it lizzen fan in nije tuskenlaach. Yn de rin fan freed en sneon is de úteinlike toplaach lein.

Der is in protte wurk ferset:

Projektlieder Nynke Bergema fan de provinsje Fryslân oer de oanpak fan E10: "De grutste útdaging binne neist de planning de omliedingen, en dat minsken har dêr oan hâlde moatte. Ek moatte dy omliedingen sa min mooglik oerlêst jaan foar de omwenners. Wy besykje it yn elts gefal te beheinen."

Yn dizze situaasje is derfoar keazen om de ôfsluting yn in wykein te plannen. "Dan hawwe de minsken der in skoftke bot lêst fan, yn stee fan hiel lang wat minder swiere oerlêst."

Klaas de Vegt fan Traffic Service Nederlân is de einferantwurdlike wat de buorden oanbelanget, om de omliedingen yn goede banen te lieden. "Foar ús is de útdaging meastentiids om op 'e tiid de dyk tichtset te hawwen. Dat wie yn dit gefal tongersdeitejûn 18.00 oere. Dat is slagge om't wy om 15.30 oere begûn binne mei it pleatsen fan de buorden yn de bûtengebieten."

Trefwurden: 
ferkear krúspunt E10
(Advertinsje)
(Advertinsje)