Ynwenner Noardeast-Fryslân ferstoarn oan gefolgen coronafirus

Der is yn de ôfrûne 24 oeren yn Nederlân ien stjergefal registrearre as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân. Dat meldt it RIVM.
© ANP
In dei earder wie der yn it hiele lân net ien coronadeade registrearre. Dat wie foar it earst sûnt septimber.
De sifers wolle net sizze dat der dy dei hielendal net ien ferstoarn is oan it firus. Wannear't in pasjint mei corona om it libben komt, kin it soms in skoftke duorje foardat it registrearre is.
De lêste kear dat der yn Fryslân in stjergefal meld waard as gefolch fan it coronafirus, wie oardel wike lyn. Doe gong it om in ynwenner fan de gemeente Weststellingwerf.

Oantal Fryske besmettingen rint op

It RIVM meldt yn de ôfrûne 24 oeren 11 nije besmettingen mei it coronafirus. Dat binne der mear as twa kear safolle as in dei earder. Doe gong it om 5 nije gefallen.
De measte nije gefallen binne no meld yn de gemeenten Ljouwert, Weststellingwerf en De Fryske Marren. Yn al dy gemeenten giet it om trije gefallen.
Yn 13 fan de 18 Fryske gemeenten is gjin inkeld nij coronagefal meld yn de ôfrûne 24 oeren. Der binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin Friezen yn it sikehûs rekke as gefolch fan in coronabesmetting.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.