Riemer van der Velde: "Skaf de VAR fuortendaliks ôf"

27 jun 2021 - 19:12

Riemer van der Velde fynt dat de VAR ôfskaft wurde moat. De âld-foarsitter fan SC Hearrenfean hat grutte argewaasje fan it systeem dat guon besluten fan it arbitrale trio by fuotbalwedstriden checkt. It fertraget en soarget derfoar dat it fuotbaljen de spontaniteit kwytrekket.

Foto: ANP

Yn de EK-wedstriid fan Nederlân tsjin Tsjechië krige Matthijs de Ligt in reade kaart, nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter. It petear mei Riemer van der Velde is opnaam foardat dizze kaart jûn waard.

De Ligt glide út en krige in hân op de bal, doe't oanfaller Patrik Schick trochbrekke koe. De Russyske skiedsrjochter Sergei Karasev bestrafte De Ligt earst mei in giele kaart, mar waard troch de fideoskiedsrjochter nei de kant roppen. Nei it sjen fan de bylden luts er asnoch read. It wie in kantelpunt yn de wedstriid. Nederlân ferlear.

"Wat dogge we mei dy VAR?" Riemer van der Velde, de âld-foarsitter fan Sportklup Hearrenfean is der hiel dúdlik oer. "Fuortendaliks ôfskaffe!" Neffens Van der Velde is it in systeem dat it fuotbal in stik minder moai makket. "It publyk juicht net mear, skiedsrjochters doarre net mear te fluitsjen en grinsrjochters dogge de flagge net mear omheech."

Boppedat, seit hy, kostet it in hiel soad jild en dat is it sa út en troch wol of net goedkarren fan in doelpunt net wurdich. Neffens Van der Velde kostet de VAR yn Nederlân alle jierren 5 miljoen euro. Dat jild kin better brûkt wurde om wer moaie en goeie gersmatten yn stadions te krijen, fynt er.

'Dappere' skiedsrjochters nedich

Van der Velde sei dit yn it nijsfoarum yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân nei oanlieding fan de it Europeesk kampioenskip dêr't de VAR geregeld brûkt wurdt. Neffens Van der Velde hawwe we wer goeie 'dappere' skiedsrjochters nedich dy't ek flaters meitsje meie. Dy flaters wurde no mei de VAR ek makke seit Van der Velde.

Yn syn lange karriêre yn it fuotbal hat hy noch noait meimakke dat troch in ferkeard beslút fan de arbiters in klup degradearre of promovearre is.

It nijsfoarum mei f.l.n.r. Sieta van Keimpema, Aant Jelle Soepboer en Riemer van der Velde - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Riemer van der Velde oer de VAR

(Advertinsje)
(Advertinsje)