Heechspringer Douwe Amels kampioen op NK, mar Spelen stean faai

Heechspringer Douwe Amels is snein op it NK atletyk yn Breda Nederlânsk kampioen wurden. Syn bêste sprong wie 2.21 meter. Mei dit kampioenskip hat er syn achtste titel outdoor helle en syn fyftjinde titel yn totaal. De Drachtster moast oer 2.33 meter springe om him te pleatsen foar de Olympyske Spelen. Dy limyt hat er dus net helle.
Sjoch hjir nei de reaksje fan Douwe Amels
Mooglik is der noch in kâns om him fia it punteklassemint te pleatsen, mar dêr hat Amels net genôch punten foar. Dan is der noch ien manier oer: yn wedstriidferbân noch de limyt fan 2.33 meter springe. As er dat wol, moat de atleet sels in wedstriid organisearje. Mooglik wurdt dat tiisdei dien yn Zoetermeer.
© ANP
Mocht de 29-jierrige Drachtster de Spelen dit jier yndie oan him foarby gean litte moatte, dan hat er al oanjûn dat er him rjochtet op de folgjende Olympyske Spelen oer trije jier.
Foar para-atleet Joël de Jong einige de dei dramatysk. Hy moast ek in goeie tiid delsette om him foar de Spelen te kwalifisearjen, mar dat slagge net troch in mankement oan syn protese.
Ferslachjouwer Geert van Tuinen seach hoe't it mis gie. "Hy wie as in spear fuort, en as der oait in momint wie dat er de limyt rinne soe, dan wie it hjir. Mar healweis de race grypte er ynienen nei syn protese. Doe wie it dien mei de race."
Troch de útsûnderlik waarme omstannichheden soe der swit by de protese kaam wêze. Dat kin er samar loslitte, en dan lizze je op de grûn. Dêrom hat De Jong no gjin tiid delset.
Foar him wie it net de lêste kâns op kwalifikaasje, seit Van Tuinen. Der binne noch mear wedstriden.
Sjoch hjir nei de reaksje fan Joël de Jong