Lang om let koe it wer; op stap yn diskoteken en nachtklups

Sneontejûn is fan âlds de stapjûn. Nei moannen fan lockdown mochten diskoteken en nachtklups wer iepen. In soad minsken hienen der sin oan om ris flink út te gean, sa die bliken út de lange rigen foar de doarren fan ferskate gelegenheden op it Ljouwerter Ruiterskwartier.
Earste jûn op stap nei diskoteken en nachtklups
It wie smoardrok yn it útgeansgebiet. Guon stienen al om 20.00 oere yn de rige foar de diskoteek.
"Drank en dansen", dat wie wat de measte stappers fan plan wienen. Oardel jier koenen se net op stap en dizze sneontejûn moast dat allegear ynhelle wurde. "We ha der in hiel soad sin oan!"
Oaren kamen nei de stêd 'om in bierke te dwaan'. Mei in faksinaasjebewiis of in test koenen se nei binnen. "It giet los, oant yn de lette oerkes."