Cambuurspits Maarten Pouwels giet nei Almere City FC

Cambuurspits Maarten Pouwels makket de oerstap nei Almere City FC. Beide klups ha oerienstimming berikt oer syn transfer. Der is gjin transfersom, wol binne der ôfspraken oer boanussen en trochferkeap.
© www.orange-pictures.nl
De 22-jierrige Pouwels kaam yn de simmer fan 2020 transferfrij oer fan Go Ahead Eagles en stie it ôfrûne seizoen alve kear yn it giel-blau. Hy makke ien doelpunt, dat wie yn de bekerwedstriid tsjin RKC Waalwijk yn oktober.
De Ljouwerter fuotbalklup helle mei Tom Boere en Sam Hendriks nije spitsen foar it kommende seizoen binnen.