Beitske Visser ferliest poadiumposysje

De earste wedstriid fan it seizoen yn de 'Formule 1 foar froulju' einige net gelokkich foar de Fryske koereur Beitske Visser. Se waard trettjinde, wylst se op poadiumkoers lei.
© ANP
Visser ried op it tredde plak, mar tsjin it ein fan de race ferlear se de kontrôle neidat se fan achteren oanriden waard by in herstart achter de 'safety car'. It poadium koe se dêrtroch wol ferjitte.
De winst wie foar de Britske Alice Powell, dy't yn de trainingen en de kwalifikaasje ek al de rapste wie.
Op de Red Bull Ring yn it Eastenrykse Spielberg begûn sneon it nije seizoen fan de W Series. It is de heechste raceklasse foar froulju.
De wedstriden gienen ferline jier net troch, fanwege de útbraak fan it coronafirus. De lêste race wie mear as oardel jier lyn.
Yn 2019 waard Visser twadde yn de W Series, dus der is noch mar ien doel oer: "Je wilt natuurlijk altijd beter, dus ik ga ervoor om het kampioenschap te winnen", sei Visser foarôfgeand oan de wedstriid. "Ik zal niet de enige zijn die dat doel heeft, maar ik werk er zeker hard voor."