Deariden wolf Appelskea wie 'yn goeie kondysje' en wie mear as 40 kilo

26 jun 2021 - 18:50

De wolf dy't ein maaie by Appelskea deariden waard, wie in jongfolwoeksen mantsje. Dat blykt út ûndersyk dat dien is op it kadaver.

Foto: Provinsje Fryslân

It bist hie in gewicht fan 41,5 kilo en wie yn goeie kondysje. Dat meldt de organisaasje BIJ12, dy't wolveskea byhâldt foar de 12 provinsjes. De wolf wie oanriden op de N381, by de ôfslach nei camping Roggeberg. It wie foar it earst dat yn Fryslân in wolf deariden waard.

Neffens BIJ12 moat der noch in yngreven analyze dien wurde, om út te finen om hokker yndividuele wolf oft it giet. It resultaat fan dy analyze wurdt yn it neijier ferwachte.

Skiep deabiten

Yn deselde moanne dat de wolf oanriden waard, binne yn Fryslân meardere skiep deabiten. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dêr by Ketlik, Jobbegea en De Fochtel in wolf ferantwurdlik foar wie. Nei ynsidinten by Oerterp en Oranjewâld wurdt noch ûndersyk dien.

Nei it deariden fan de wolf by Appelskea binne neffens de lêste sifers fan BIJ12 út Noard-Nederlân gjin meldingen mear kaam fan deabiten skiep.

Trefwurden: 
wolf Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)