FIDEO: Heiten en memmen meie wer oan it stek stean

26 jun 2021 - 17:06

Foar it earst sûnt it begjin fan de coronakrisis is der wer publyk wolkom by de amateurwedstriden. En dat wie genietsjen, net inkeld foar de spilers, mar ek foar de heiten en memmen. Net elkenien hat it moannenlang sûnder sport dwaan moatten, blykte oan it fjild fan Harkemase Boys. "Om earlik te wêzen ha ik gjin wedstriid mist fan myn pakesizzers, ik die ik my foar as lieder of as scout. It is myn iennige útstapke. Ik bin hjir hast altyd", sei ien fan de mannen dêr.

Sa klonk it by Harkemase Boys

(Advertinsje)
(Advertinsje)