Fryslân hast coronafrij: gjin nije besmettingen meld yn 15 fan de 18 gemeenten

26 jun 2021 - 17:50

It tal nije coronabesmettingen giet hieltyd fierder omleech. Sneon binne der fiif nije besmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It is it leechste oantal sûnt begjin septimer. Freed gie it noch om 13 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Fyftjin fan de achttjin gemeenten melden yn de ôfrûne 24 oeren hielendal gjin nije besmettingen. Yn Weststellingwerf waarden de measte besmettingen meld, dat gong om trije gefallen. De oare besmettingen binne registrearre yn Ljouwert en De Fryske Marren.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Yn de rest fan Nederlân binne ek gjin nije stjergefallen registrearre. It is foar it earst sûnt 7 septimber dat der yn hiel Nederlân gjin nije stjergefallen teld binne.

Der is yn Fryslân ien pasjint mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om in ynwenner fan Noardeast-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 596 nije coronagefallen registrearre. It lanlik trochsneed fan de ôfrûne wike leit op 655.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)