Holwert iepenet Fryske sportsimmer; Bauke Triemstra earste Kening

Keatsferiening VV Concordia fan Holwert hat de primeur fan de earste manljus haadklassepartij fan dit seizoen. De partij telt net mei foar de ranking en is foaral bedoeld 'om de boel wer op te starten'. Elkenien is út de skroeven dat der nei mear as in jier wer keatst wurde kin.
Sjoch nei de reportaazje
De finale fan it troch-mekoar-lotsjen is wûn troch Bauke Triemstra (Kening), Dylan Drent en Hans Wassenaar, mei 5-2 en 6-6, fan Tjisse Steenstra, Allard Hoekstra en Erwin Zijlstra. De lytse preemje (it tredde plak) wie foar Haye Jan Nicolay, Pieter Jan Plat en Menno van Zwieten.
Mei de keatswedstriid yn Holwert is de ôftraap jûn fan de Fryske sportsimmer. Nije wike begjint it fierljeppen, en dan wurdt der ek wer skûtsjesyld.
Ferslachjouwer Andor Faber prate nei de wedstriid mei Bauke Triemstra en Tjisse Steenstra. Dy reaksjes binne hjirûnder te sjen.