VC Trynwâlden grutsk op 'eigen' assistint-skiedsrjochter op it EK

26 jun 2021 - 14:01

Assistint-skiedsrjochter Patrick Inia en Tjeerd Rijpma, bestjoerslid fan VC Trynwâlden, binne wakker grutsk op de prestaasjes fan har klupgenoat Jan de Vries. Dizze assistint-skiedsrjochter hat al twa wedstriden flagge op it EK.

Bestjoerslid Tjeerd Rijpma (l) en kollega assistint-skiedsrjochter Patrick Inia (r) - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Jan de Vries út Gytsjerk stiet mei haadskiedsrjochter Danny Makkelie en assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra op it fjild. De Vries mocht it EK iepenje by de wedstriid Italië - Turkije. Ek de groepswedstriid Finlân - Ruslân stiet op namme fan de Fryske assistint-skiedsrjochter.

Hast 30 jier is De Vries al lid fan VC Trynwâlden. De klup is dan ek hiel grutsk op it eigen lid. Patrick Inia is as assistint-skiedsrjochter in kollega fan De Vries. "It is natuerlik fantastysk dat je op sa'n poadium stean meie en as je it dan ek noch goed dogge, is dat hielendal moai."

Sjoch nei de reportaazje

Bestjoerslid Tjeerd Rijpma hat wol mei Jan de Vries fuotballe. "Ik ha sels noch wol lieder west fan Jan doe't hy yn de E's siet. Ik ha noch wol mei him yn it earste alvetal keept." It is foar Rijpma dan ek bysûnder om De Vries sa op it EK te sjen. "Ik sjoch toch krekt efkes wat skerper oft Jan it wol goed docht, oft er net in flaterke makket. Je fine it moai dat hy der is en tagelyk ha je wat spanning."

Ingelân - Dútslân?

Rijpma en Inia fine dat team Makkelie it goed docht op it EK. "Se binne der no noch en dat is in goed teken", seit Inia. It is ôfwachtsjen oft De Vries noch in wedstriid flagje sil, want hoe fierder oft Nederlân komt, hoe lytser oft de kâns wurdt. Rijpma: "Net alle achtste finales binne fersein, dus ik hoopje dat hy tiisdei noch dy hiele moaie wedstriid krijt, fan Ingelân tsjin Dútslân. Dat soe wol hiel moai wêze."

De klup gunt it De Vries hiel bot. "It is syn earste toernoai en as je no al by de lêste achtste finales stean kinne, dan is dat al in hiel grut komplimint", seit Inia. "Ik tink dat harren EK al net mear stikken kin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)