'Oogsttuin' yn Nijhoarne biedt húshâldigen fergees griente

26 jun 2021 - 12:53

Farsk slaad, paksoi en augurken binne dit wykein fan de tún helle op de nije Oogsttuin yn Nijhoarne. Húshâldingen kinne dêr fergees griente weihelje op inisjatyf fan de stichting Sociaal en Vitaal.

Sjoch nei de reportaazje

"We zijn gestart met 50 gezinnen, maar we hebben genoeg ruimte om uit te breiden. Daarvoor zoeken we nog samenwerkingspartners", seit Loraine Westerneng fan de stichting Sociaal en Vitaal.

Fia de stichting Leergeld ha se nammen trochkrigen fan minsken foar de tún. "Die krijgen elk week een nieuwsbrief van wat er geoogst kan worden, want dat is elke week iets anders. Daarin staan ook plukinstructies en hoeveel ze mee kunnen nemen."

Dit wykein is de tún foar de twadde kear iepen. "Het gaat goed, de mensen helpen elkaar en dat sociale aspect vinden we minstens zo belangrijk."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

"Ik kin hjir op in sûne manier oan myn griente komme. It is hiel earfol om it sels fan de tún te heljen", seit ien fan de besikers. Se docht in oplieding en hat dêrom net folle ynkommen.

Der is tsien bunder grûn beskikber en dêrfan is no oardel bunder no yn gebrûk. Fan de tún kinne úteinlik 250 húshâldingen ite. Freeds en sneons kin der rispe wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trefwurden: 
griente Nijhoarne
(Advertinsje)
(Advertinsje)