Undersyk nei skip smyt keunstprojekt en famyljeskiednis op

26 jun 2021 - 12:13

Foar har keunstprojekt kaam Lotte van der Woude achter har Fryske roots en dat allegear troch ûndersyk te dwaan nei it skip út 1905 dêr't se sels op wennet, de Antonio Maria. Yn Kunsthuis Syb yn Beetstersweach jout se snein in einpresintaasje.

Lotte van der Woude (Amsterdam, 1986) is politikologe en byldzjend keunstner. Se groeide op de Anthonio Maria op en waard twa jier lyn eigener fan it skip. Foar't it skip restaurearre waard op It Hearrenfean fûn se yn de masinekeamer in pûde mei âlde foto's. Dat blieken famyljeportretten út 1900 te wêzen. "Ik herkende gelaatstrekken van mijn vader."

Nei ûndersyk kaam se derachter dat it skip en sysels ek ferbûn binne oan in âlde Fryske skippersfamylje, de famylje Eijer en Van der Woude.

Fan dy skiednis makke se in dokumintêre. Besikers fan Kunsthuis Syb kinne it ferhaal hearre mei in audiotoer. "Zo kunnen ze zich een eigen voorstelling maken van het schip."

Foto: Lotte van der Woude

Oprop

Foar har ûndersyk siket Lotte van der Woude noch minsken dy't wat fertelle kinne oer it skippersferline fan de famyljes Eijer en Van der Woude. Nim kontakt op fia de mail: lottevanderwoude@gmail.com.

(Advertinsje)
(Advertinsje)