Islamityske slachterij yn Aldskoat krijt grien ljocht fan NVWA foar Offerfeest

26 jun 2021 - 10:56

De islamityske slachterij Akçe yn Aldskoat hat freed te hearren krigen dat er dochs begjinne mei de tariedingen foar it Offerfeest dat oer trije wiken begjint. De NVWA hie earder it coronaplan fan de slachterij noch net goedkard.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It Offerfeest is gewoanwei de drokste tiid fan it jier foar Umit Akçe. Klanten út hiel Nederlân komme nei syn slachterij yn Aldskoat om tradisjoneel lamsfleis te keapjen.

De eigener wie benaud dat him dit klanten kostje soe, mar no kin er lang om let los.

(Advertinsje)
(Advertinsje)