Omrop TIP: Groeten uit Friesland

Fryske folkloare en tradysjes, fersterkje dy de regio? Of binne it bongels oan de poat dy't de foarútgong tsjinhâlde? Yn 'Groeten uit Friesland' ûndersiket FryslânDOK de wearde fan tradysjes yn de moderne tiid. Te sjen op 26 juny by NPO2 en op 27 juny by Omrop Fryslân.
Yn de simmer tilt de provinsje wer op fan de tradisjonele sporten en folkloristyske aktiviteiten. Skûtsjes sile oer de marren, keatsers stean yn it perk, skotsploegen en ringstekkers hawwe de knappe klean wer oan. Diel 9 fan de FryslânDOK-searje 'Beklimmers fan it flakke lân' giet oer Fryske kultuer.
Hoepelje yn Hylpen © Omrop Fryslân

Hylpen

De dracht, it skilderwurk en de eigen taal binne saken om grutsk op te wêzen, fine se yn Hylpen. Yn de 17e en 18e iuw befearen de skippers de seeën en namen guod mei nei hûs oeral wei. Dy Hylper kultuer wie dêrmei it produkt fan in iepen blik op de wrâld. Dochs sjogge we hjoed-de-dei it skilderwurk en de klean krekt as 'lokaal' en 'âlderwetsk'.
Titus Stallman © Omrop Fryslân

Siel

De Feriening Aald Hielpen besiket om mei nije aktiviteiten jongeren oan har te binen. Want it dragen fan Hylper klean mei net allinnich in keunstke foar toeristen wêze, mar moat ek yn de siel fan de Hylpers sitten bliuwe. Yn FryslânDOK sjogge we ek de Hylper skilder Titus Stallmann dy't de tradisjonele skilderkeunst ûntwikkelje wol foar de takomst.
Keatse fanút de loft © Omrop Fryslân

Keatsen

Sjoernalist Ate de Jong rint simmerdeis it leafst hiele dagen op it keatsfjild om, en hy genietet fan de sport en de ferhalen. It is in romantyske, mar ek konservative wrâld. Tagelyk makke De Jong him yn syn wurk altyd hurd foar oare kulturele minderheden. Mei FryslânDOK praat De Jong oer de tsjinstelde krêften dy't er fielt tusken syn wurk en syn leafde foar it keatsen.
Ate de Jong © Omrop Fryslân
Beklimmers
Yn de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' siket Fryslan DOK nei inisjativen op lokaal, lytsskalich nivo, betocht op basis fan grutte ideee n en idealen.
Hylper dracht © Omrop Fryslân
FryslânDOK, Beklimmers fan it Flakke Lân diel 9 - 'Groeten uit Friesland'
Sneon 26 juny, NPO2 15.30 oere (gjin werhelling op 27 juny)
Snein 27 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.