Mear reizgers yn iepenbier ferfier; mar noch lang net op âlde nivo

26 jun 2021 - 09:18

In moaie opstekker foar de iepenbier ferfierbedriuwen; se krije ek takom jier noch coronastipe fan de oerheid. Sy krije dit om't minsken noch hieltyd net mei de trein of de bus gean. Anne Hettinga, direkteur fan Arriva, rekkenet derop dat se it omsetnivo berikke fan 95 oant 98 prosint, mar dan net earder as ein 2024.

Direkteur Anne Hettinga fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân

"De lêste tiid lûkt it wer mear oan mei reizgers. Ik bin optimistysker as wat it regear seit", seit Anne Hettinga, direkteur fan Arriva. "We sitte no op 60 prosint, mar ik tink dat it ûnmooglik is om it âlde nivo te berikken. In diel fan de minsken sil thús wurkjen bliuwe. We wurde per kilometer betelle en as minsken fjouwer dagen nei kantoar gean en net fiif, dan krije we minder jild. Ik tink dat in diel fan de omset struktureel weibliuwt. Mei dat gegeven moatte we wurkje."

Nei de simmerfakânsje ferwachtet er ek wer mear reizgers. "Dan binne de skoallen en universiteiten wer folslein iepen en de kantoaren ek."

In WINK-trein fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sippe sjauffeurs

Ferline jier om dizze tiid ferfierden se mar tsien prosint fan de reizgers. "Dat fernaamst ek by de bussjauffeurs en masinisten. Yn de kantine wienen se suver sip. Se wolle minsken ferfiere, dat is har wurk. No't der wer mear reizgers binne, jout dat ek wer mear schwung oan de stimming yn it bedriuw. It is noch net fol, mar it giet de goede kant op."

It bliuwe spannende tiden foar de ferfierder, ek komt it Ryk mei in 'beschikbaarheidsvergoeding'. "It is net foar te foarsizzen hoe heech oft dat wurdt. It hinget fan de reizgersûntwikkeling ôf en fan it kostenivo. Der is in yngewikkelde formule betocht, we witte pas achternei wat we krije."

Anne Hettinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)